RIVM: 106 nije coronabesmettingen yn Fryslân

Yn Fryslân binne yn de ôfrûne 24 oeren 106 nije coronabesmettingen registrearre. Dat meldt it RIVM. It binne der 2 mear as moandei. Doe waarden 104 nije coronabesmettingen meld.
It deistige tal besmettingen fan de lêste trije wiken (komt de grafyk net goed yn byld, klik dan hjir):
It giet allinnich om testen dy't ôfnaam binne troch de GGD. De testen foar in coronatagongsbewiis wurde net yn dizze sifers meinommen.

Trochsneed

Yn trochsneed binne yn de ôfrûne wike alle dagen 88 besmettingen meld yn Fryslân. Moandei lei dat trochsneed op 84, in wike lyn op 72.
De measte nije besmettingen binne registrearre yn de gemeente Noardeast-Fryslân (14) en dêrnei yn gemeente Achtkarspelen (13).
It tal besmettingen de gemeente (sjochst de kaart net goed, klik dan hjir):
Yn Fryslân binne yn de ôfrûne 24 oeren gjin stjergefallen fêststeld as gefolch fan it coronafirus. Der binne 2 Friezen mei it coronafirus opnommen yn de Fryske sikehuzen. It giet om ynwenners fan Ljouwert en Opsterlân.

16 coronapasjinten yn de Fryske sikehuzen

Neffens it Acute Zorgnetwerk Noord Nederland lizze der op dit stuit 16 pasjinten mei it coronafirus yn de Fryske sikehuzen. Fan har lizze 5 op de intensive care en 11 op oare ôfdielingen. In wike lyn leinen noch njoggen minsken mei corona yn de Fryske sikehuzen.
Yn de trije noardlike provinsjes giet it yn totaal om 9 pasjinten op de intensive care en 31 pasjinten op oare ôfdielingen.
Tal pasjinten mei corona yn de Fryske sikehuzen (komt de grafyk net goed yn byld, klik dan hjir):
Lanlik leit it tal nije coronabesmettingen op 2914. It trochsneed fan de ôfrûne sân dagen is 2548.
Sjoch foar mear sifers oer it coronafirus op omropfryslan.nl/corona.