Fryske media begjinne gearwurking: opliedingstrajekt foar sjoernalisten

De Ljouwerter Krante, it Frysk Deiblêd en Omrop Fryslân begjinne in gearwurking om sjoernalisten op te lieden yn de Fryske taal en kultuer. Se begjinne mei in traineeprogramma foar jonge sjoernalisten.
It gebou fan Omrop Fryslân © Omrop Fryslân
Foar it ûnderwiisdiel fan it programma wurkje de mediabedriuwen gear mei de Afûk en de Ryksuniversiteit fan Grins (RUG). De provinsje Fryslân makket it inisjatyf mei mooglik mei in bydrage fan goed 200.000 euro, ferspraat oer trije jier. Dêrmei kin de helte fan de traineeplakken betelle wurde.
It giet foarearst om in projekt foar trije jier, dêr't alle jierren trije jonge sjoernalisten oan meidwaan kinne. Sy kinne har ûntwikkelje op it mêd fan de Fryske taal, kultuer, skiednis, sjoernalistyk en aktualiteit.
De trainees dogge praktykûnderfining op by de redaksjes fan de trije media en folgje dêrnjonken in opliedingsprogramma. Dat programma wurdt yn gearwurking mei de Afûk en de RUG útwurke.

Frysk sjoernalistyk talint behâlde

It doel is in kurrikulum te ûntwikkeljen dat op termyn ek brûkt wurde kin yn de opliedingen fan studinten sjoernalistyk en Frysk. Dêrmei wolle de partijen de kwaliteit fan it Frysk yn de media yn stân hâlde en fierder ferbetterje en dêrnjonken Frysk sjoernalistyk talint behâlde foar de takomst.
Foar de Fryske taal en kultuer is no gjin omtinken yn de stúdzjes sjoernalistyk.
Ingrid Spijkers, haadredakteur Omrop Fryslân
De Fryske mediabedriuwen steane noed foar de Fryske taal, kultuer en identiteit, jouwe haadredakteuren Ria Kraa (Friesch Dagblad) en Sander Warmerdam (Leeuwarder Courant) oan. Warmerdam: "It is wichtich dat ús sjoernalisten de taal fan it hert fan ús publyk begripe, prate en skriuwe kinne."
"Foar de Fryske taal en kultuer is no gjin omtinken yn de stúdzjes sjoernalistyk", follet Omrop Fryslân-haadredakteur Ingrid Spijkers oan. "Dêrom pakke we dit mei-inoar, en mei de ûnderwiispartners, op."
Ingrid Spijkers © Omrop Fryslân
De taalûnderrjochtynstelling Afûk en de ôfdieling Fryske taal- en letterkunde fan de RUG binne by de tarieding en útfiering fan it opliedingstrajekt belutsen. "Dit inisjatyf is wichtich om't der sa mear sjoernalisten komme dy't Frysk skriuwe kinne en dy't boppedat better op 'e hichte binne fan de Fryske taal en kultuer", seit heechlearaar Fryske taal- en letterkunde Goffe Jensma.

It ferhaal fan Fryslân

Direkteur Alex de Jager fan de Afûk: "It ferhaal fan Fryslân sa autentyk mooglik fêstlizze yn de taal fan de minsken út de regio, dat is wêr't wy as Afûk mei dizze nije talinten én de hjoeddeiske betûfte sjoernalisten graach fierder oan wurkje."