Guus Hiddink iepenet tentoanstelling oer keramyk út Súd-Koreä yn Princessehof

12 okt 2021 - 11:59

De tentoanstelling 'KOREA Poort naar een rijk verleden' yn it Ljouwerter Princessehof wurdt iepene troch âld-fuotballer en âld-bûnscoach Guus Hiddink. Hiddink is eareboarger fan it Aziatyske lân.

Keramykmuseum Princessehof yn Ljouwert - Foto: Omrop Fryslân, Sian Wierda

De tentoanstelling oer Súd-Koreä is fan 15 oktober ôf te sjen yn it keramykmuseum en giet oer de kultuerskiednis fan it lân. Sa giet it oer de ytkultuer, de skjintme-idealen en de rituelen. Ek de populêre kultuer wurdt yn byld brocht, want it lân is ferneamd om bygelyks de 'K-pop' en films as it Oscarwinnende Parasite.

Keunstskatten

De keunstskatten yn de tentoanstelling komme fan musea lykas it Nasjonaal Museum fan Súd-Koreä yn Seoul. Hiddink is net de iennichste dy't de tentoanstelling iepenet: ek de de Súd-Koreaanske ambassadeur yn ús lân is derby.

(Advertinsje)
(Advertinsje)