Boargemaster Kramer: "Doch mear om sneltestlokaasjes mooglik te meitsjen"

It kabinet moat mear dwaan om testlokaasjes foar in coronatagongsbewiis, ek yn gebieten mei minder ynwenners, mooglik te meitsjen. Dat fynt boargemaster Johannes Kramer fan Noardeast-Fryslân.
"Minsken moatte hjir tachtich kilometer reizgje foar in test", seit Kramer:
Direkte oanlieding foar syn oprop is de resinte sluting fan de sneltestlokaasje yn Dokkum, dy't yn totaal mar tsien dagen iepen west hat. De testoanbieder, it bedriuw Tunica Trading B.V., besleat nei ôfrûne snein de stekker derút te lûken, omdat it neffens har yn Dokkum net mear út kin.
It fergoedingesysteem foar testoanbieders is sûnt moandei oanpast. Dêr't oanbieders earder noch in fergoeding krigen op basis fan beskikbere testkapasiteit, is dat feroare nei in fergoeding foar eltse ôfnommen test.
Minsken hjir moatte mear as fjirtich kilometer reizgje om sa'n sneltest te dwaan. Dat is net normaal.
Boargemaster Johannes Kramer (Noardeast-Fryslân)
"Ek de Twadde Keamer seit: dat testen moat leechdrompelich wêze", neffens boargemaster Kramer. "Elkenien yn Nederlân moat dêr gebrûk fan meitsje kinne, mar je sjogge dat minsken hjir mear as fjirtich kilometer reizgje moatte om sa'n sneltest te dwaan. Dat is net normaal."
Der waarden de ôfrûne tsien dagen likernôch 700 sneltests ôfnommen yn de lokaasje yn Dokkum. Troch de wike wie de opkomst leech, mar op de earste sneon kamen goed 200 minsken foar in test om in coronatagongsbewiis.

"We weagje de gok"

De boargemaster en de hoareka yn Dokkum fine it spitich dat de lokaasje sûnt moandei alwer ticht is. Neffens Kramer kinne der ek wer oare problemen ûntstean, ek omdat de besmettingssifers yn Noardeast-Fryslân de ôfrûne wiken al relatyf heech wiene.
"De jongerein tinkt aansten; dy sneltest kin hjir net, en Ljouwert is my te fier fuort. Wy weagje de gok en wy geane jûn lekker te stappen. Mei alle 'gevolgen van dien'. Dat moatte wy dus net ha", seit Kramer.