Portret fan in reinbôgefamylje: "Ik fal oeral tusken, út en omhinne"

12 okt 2021 - 10:15

Je gjin frou en gjin man fiele. Mika van Hoorn út Itens is 18 jier en non-binêr. Yn it ramt fan Rôze Sneon komt Omrop Fryslân mei harren ferhaal en fan de famylje Van Hoorn. Want neist Mika makket ek broer Jurre diel út fan de LHBTI+-mienskip.

Foto: Omrop Fryslân

De stipe fan de âlden, dat hat Mika sûnder mis. Mem hat altiten sein: "Ast letter mei in partner thús komst" en nea "Ast letter in freon hast". Heit fynt alles prima, as Mika mar lokkich is.

Oer alles kinne se prate, iepen en earlik, en mei in soad leafde. "Dêrom bin ik wa't ik bin en sit ik hjir no." Oan it wurd is Mika. Mika is de namme sûnt twa jier. De bertenamme docht der net mear ta, want dy namme stiet foar alles wat Mika net mear is en nea west hat.

Mika fertelt hoe't it is om non-binêr te wêzen:

Mika kin ûnderwilens makliker mei oaren yn kontakt komme dy't harren ek non-binêr fiele. Want iensum wie it wol op de basisskoalle. "Ik foel oeral tusken, út en omhinne." Elkenien begjint itselde en dan komt der in momint dat je beseffe dat je jonge of famke binne. Foar Mika gie it dus oars. De LHBTI+-mienskip fielt no 'as in community', fertelt Mika.

Mika oer rol omjouwing

Dat der hieltyd mear reinbôgeflaggen kleurje yn de provinsje jout Mika it gefoel fan akseptaasje. Benammen de lytse ferhaaltsjes dy't minsken derby sette lêst Mika graach. Mei de hiele famylje sitte se alle dagen foar de kompjûter om te sjen hoefolle nije flaggen oft derby kaam binne.

Foar Rôze Sneon sil Mika alle freonen freegje om del te kommen en der in grut feest fan te meitsjen, om de frijheid en leafde te fieren.

Mika oer Rôze Sneon

Woansdei diel twa fan it ferhaal oer it reinbôgefamylje. Dat giet oer Jurre dy't homoseksueel is, mar net útslút dat er op froulju falt.

Sneon 16 oktober stiet Ljouwert yn it teken fan Roze Zaterdag. Mei in tsjerketsjinst, in boateparade en in grut poadium op it Saailân wurdt stilstien by bewustwurding en akseptaasje fan seksuele en genderdiversiteit.

Yn oanrin nei Rôze Sneon ta makket Omrop Fryslân ferskate reportaazjes fan Friezen dy't mei dizze tematyk te krijen ha. Op 16 oktober binne alle festiviteiten de hiele dei te folgjen op de radio en yn in livestream op de webside fan Omrop Fryslân tusken 11.00 en 13.30 oere.

Trefwurden: 
rôze sneon
(Advertinsje)
(Advertinsje)