Walrus dûkt wer op, se krijt de namme Freya

De walrus, dy't goed trije wiken lyn foar it earst sjoen is yn Fryslân, befynt har noch hieltyd yn Fryske wetters. Se is tiisdei sjoen op Skylge. It bist hat no ek in namme. Ut sa'n twatûzen ynstjoeringen by Omrop Fryslân waard úteinlik de namme Freya keazen.
De walrus op Skylge © Sytse Schoustra
Freya stiet foar striidlustich, "omdat ze een overlevingsstrijd levert. De naam geeft meteen weer 'laat haar vrij ja'." De winnende namme waard ynstjoerd troch ûnder oaren Esther Moorlag en Wendy Postma.

Earst by Skiermûntseach

Op 20 septimber waard de walrus sjoen by Skiermûntseach. It wie foar it earst yn 23 jier dat in walrus yn Nederlân sjoen waard. Letter kaam se mear as ien kear nei de haven fan Harns.
In lytse wike wie de walrus út byld, oant no dus. Sander van Dijk fan Zeehondencentrum Pieterburen befêstiget dat it om in walrus giet. Steatsboskbehear op Skylge sil nei it bist ta.

Opmerklik

Dat in walrus yn Fryslân sjoen is, is opmerklik. Der binne ferskate populaasjes fan walrussen op de wrâld, bygelyks boppe Skandinavië en by Grienlân. Yn de praktyk ferlitte walrussen it poalgebiet noait. Se kinne wol lange ôfstannen swimme.
Yn it radioprogramma Goeiemiddei waard de winnende namme útkeazen:
It bist in namme jaan, kin helpe, seit Van Dijk. "Het wordt gemakkelijker om met het dier om te gaan. In Ierland werkte dat ook, toen daar onlangs een walrus werd gezien. Toen die een naam kreeg, kwam de boodschap dat hij rust moest hebben ook beter aan."
Foar de 'Fryske' walrus jildt itselde: dy moat ek benammen rêst ha neffens Van Dijk.