"Rôze Sneon is net goed sichtber yn Ljouwert"

12 okt 2021 - 07:17

Wêrom kleuret Ljouwert net rôze? Wêrom is net oeral dúdlik te sjen dat it dit wykein Rôze Sneon is? It evenemint is fierstente min sichtber, seit Andries Seefat.

Foto: Omrop Fryslân

Seefat wie mei syn stichting Promo Gay Leeuwarden ûnder oare inisjatyfnimmer fan it meifarren fan in skûtsje by de Canal Parade yn Amsterdam yn 2008 en 2019.

Hy fielt him negearre. Seefat is dêr iepen oer. De organisaasje fan Rôze Sneon hat wol in byltenis fan Seefat brûkt foar promoasjedoelen, mar dat wie it.

Boechbyld

Dat stekt de man dy't yn 2019 ferklaaid as frijheidsbyld by de Canal Pride yn Amsterdam letterlik it boechbyld wie fan de Fryske gaymienskip.

"In bytsje nuver is it wol. It hie foar de organisaasje in kâns west. Wy ha in grut netwurk, dus dan kinne je in soad minsken en bedriuwen berikke."

'Miste kâns'

Seefat fynt it in miste kâns dat je yn de stêd no kwalik wat fernimme fan Rôze Sneon: "It hie hjir no rôze kleurje moatten. Dat kin op safolle ferskillende wizen. As stêd moatte je fan soks profitearje. Dêr hienen wy graach oer meitinke wollen."

Der moat noch echt in soad dien wurde oan akseptaasje.

Andries Seefat

Wa't no troch Ljouwert rint, fernimt kwalik dat it sneon al safier is. Seefat is dêrom benaud dat der hast gjin minsken op ôfkomme. "It soe sa spitich wêze as it yn it wetter falt. Ik hoopje oprjocht dat it tafalt en dat der dochs in soad minsken komme om in feest te fieren."

Rôze Sneon yn Ljouwert is hurd nedich, fynt Seefat. Hy is der grutsk op dat it yn Fryslân hâlden wurdt. "Beslist. Der moat noch echt in soad dien wurde oan akseptaasje. Dat moat al begjinne op de basisskoalle. Just dêrom is dy sichtberens fan grut belang."

In Fryske reinbôgeflagge - Foto: Omrop Fryslân

Nettsjinsteande syn krityk is Seefat der sels sneon gewoan by: "Ik bin mei in groep yn de stêd. Dat feest moat fierd wurde."

De organisaasje fan Rôze Sneon yn Ljouwert wie noch net by steat om te reagearjen op de krityk fan Seefat.

Harkje nei Andries Seefat

(Advertinsje)
(Advertinsje)