Scouting hieltyd populêrder, ferienings krije der mear leden by

12 okt 2021 - 06:16

Scoutinggroepen yn de provinsje groeie. Ien fan de koprinners is de kristlike scoutinggroep Burmania fan Ljouwert. Dy feriening krige sneon it 250ste lid. Foar de feriening in mylpeal.

Foto: Omrop Fryslân

De ferklearring is net dreech, seit Meindert Reitsma fan Burmania. "It hat tink ik dochs te krijen mei de coronatiid en dat de bern thússitten ha. De âlden wolle hiel graach dat de bern nei bûten ta geane. Dat is fansels scouting."

Frijwilligerstekoart

It giet al in skoft goed mei it ledetal fan de Ljouwerter scoutinggroep. Yn 2017 waard de grins fan 200 jeugdleden al helle en no, fjouwer jier letter, de 250. Reitsma: "Je sjogge lanlik in groei fan 3 of 4 persint. Dêr sitte wy boppe. We ha ek aktyf nei leden socht."

Ek mei de oare scoutinggroepen yn de provinsje giet it goed. Dêr rinne se allinnich oan tsjin in tekoart oan frijwilligers. By Burmania ha se dêr gjin lêst fan, seit Reitsma: "We kinne it oan en we ha romte oer. We ha in soad frijwilligers en in organisaasje dy't stiet."

Se ha yn Ljouwert noch ien winsk. Reitsma: "Ja, no't we sa groeie, rinne we mei it gebou wol tsjin de grinzen oan. It kin noch, mar it soe wol moai wêze as der in nije lokaasje komme soe."

Trefwurden: 
scouting Burmania
(Advertinsje)
(Advertinsje)