Nij fabryk Wetterskip Fryslân sil bioplestik meitsje út ôffalwetter

De bou fan in proeffabryk yn Dordrecht foar it meitsjen fan bioplestik út suveringsslyk en ôffalwetter is begûn. Mei it fabryk wol Wetterskip Fryslân sjen litte dat produksje út ôffalwetter mooglik is.
© ANP
It fabryk sil produkten meitsje dy't yn 'e natuer ôfbrutsen wurde kinne. It giet bygelyks om sied- en plantebakjes dy't yn 'e grûn oplosse, lânboufoly dat ôfbrekt neidat it ûnderploege is, ôfbrekbere gewichten foar de fisksport en selsheeljend beton. It projekt kin útwreide wurde as it sukses hat.
Wetterskip Fryslân ynvestearret mei fjouwer oare wetterskippen rom 2,5 miljoen euro yn it projekt. Dêrneist ynvestearje ek it Fryske bedriuw Paques Biomaterials en HVC yn dizze ûntwikkeling.
De ynstallaasje fan it fabryk sil yn 2022 klear wêze.