Coming Out Day op Dalton Dokkum: "It fielt net as ik in label nedich ha"

11 okt 2021 - 19:51

Dalton Dokkum hat it hiele jier de reinbôgeflagge út, mar stiet op lanlike Coming Out Day ekstra stil by akseptaasje fan seksuele en genderdiversiteit op harren skoalle. Foar learling Dieuke Westra, dy't genderneutraal en pan-seksueel is, is dat tige wichtich.

Dieuke fertelt:

"It fielt net as ik in label nedich ha of as ik yn in hokje pas." De 16-jierrige Dieuke Westra kaam der twa jier lyn efter dat der wat yn it plaatsje net kloppe. "In freon fan my waard transman. Doe klikte der ek wat yn my. De fraach spile op: hoe bin ik dan eins?"

Op dit stuit identifisearret Dieuke mei genderneutraal en pan-seksueel. Dat hâldt yn dat Dieuke gjin jonge of famke is en ek net spesifyk op in jonge of famke falt.

De direkte omjouwing fan Dieuke reagearre oer it algemien goed: "Ik ha in freon en âlden dy't my stypje. Se fine it wol yngewikkeld, mar se dogge harren bêst."

Yn de klasse binne de mieningen ferdield.

Dieuke Westra

Op skoalle is dat wol wat oars. "Yn de klasse binne de mieningen ferdield. As se mei in grutte groep by mekoar sitte, ha se it wol oer my."

Om foar mear akseptaasje te soargjen hat de skoalle oardel jier lyn in Gender and Sexuality Alliance-groep oprjochte. Hjiryn sitte 25 learlingen dy't harren ynsette foar in ynklusive skoalle. Yn desimber binne der bygelyks filmkes makke mei learlingen dy't harren ferhaal dogge en prate oer harren genderidentiteit.

Troch dy groep waard moandeitemoarn de reinbôgeflagge omheech hise:

Troch de oandacht foar de LHBTI+ mienskip hopet Dieuke dat der in feroaring komt yn de akseptaasje by har op skoalle. As it oan dosint Arie van Barneveld leit, komt dat der. Hy is de inisjator de de GSA groep op skoalle en hat út persoanlike ûnderfining wei ek mei it ûnderwerp te krijen.

Yn de fideo leit er út wêrom't er him ynset foar de reinbôgemienskip en hoe't it libbet op skoalle:

Arie van Barneveld fertelt:

Sneon 16 oktober stiet Ljouwert yn it ramt fan Roze Zaterdag. Mei in tsjerketsjinst, in boateparade en in grut poadium op it Saailân wurdt stilstien by bewustwurding en akseptaasje fan seksuele en genderdiversiteit.

Yn oanrin nei Rôze Sneon makket Omrop Fryslân ferskate reportaazjes fan Friezen dy't mei dizze tematyk te krijen ha. En sneon 16 oktober binne alle festiviteiten de hiele dei te folgjen op de radio en yn in livestream op de webside fan Omrop Fryslân tusken 11.00 en 13.30 oere.

(Advertinsje)
(Advertinsje)