Robin fytst fan Noarwegen nei Portugal en freget omtinken foar fersmoarging

11 okt 2021 - 19:23

De 28-jierrige Robin Aanstoot út Houten fytst sûnt july fan Noarwegen nei Portugal om omtinken te freegjen foar fersmoarging troch plestik. Dêrby komt er ek troch Fryslân. "Ik heb overal aanspraak, mensen zijn heel hartelijk."

Robin Aanstoot fytst fan Noarwegen nei Portugal

Hy leit de tsientûzen kilometer ôf mei in surfplanke achter de fyts. Hy fytst net samar, mar is op ûndersyk nei hoe't bedriuwen mei harren plestik ôffal omgean. Yn elk lân hat er petearen mei bedriuwen dy't har dêrmei dwaande hâlde. "Ik wil laten zien wat er wel goed gaat."

Nei it heljen fan syn masters fûn er it tiid om op de fyts te stappen. "Ik dacht, misschien kan ik dat mooi combineren met aandacht vragen voor een paar mooie organisaties."

Hy fytst lâns de kust. "Zodra ik golven zie, kan ik surfen." Yn Noarwegen koe er net folle surfe, mar yn de súdlike lannen hopet er dat al mear te dwaan.

Grutsk

Syn freondinne Charlotte is grutsk op har freon. Yn Nederlân fytst se in stikje mei. "We bellen en appen veel. Ik vind het heel bijzonder om mee te maken."

Robin mei syn freondinne Charlotte - Foto: Omrop Fryslân, Earryt Sijens

Robin tocht dat er Nederlân wol koe, "maar ik ben echt verbaasd. Ik ging naar Terschelling toe om te werken als strandwacht, en zag hoe mooi het wad is."

Stugge Friezen

Underweis nei de Nederlânske westkust slepte er yn Frjentsjer. "Ze zeggen altijd dat Friezen zo stug zijn, maar ik kom bijna niet aan fietsen toe." Oeral yn Fryslân wolle minsken in praatsje mei him meitsje.

Hy hat ek in tintsje mei, dêr't er yn Skandinavië mei oan it wyldkampearjen wie. Yn Nederlân binne de measte campings al ticht, dêrom koe er by in adres fan Vrienden op de Fiets telâne.

Ien probleem moast er noch wol oplosse: it fytspaad oer de Ofslútdyk is sletten. Hy hope dat er mei fyts en surfplanke de spesjale fytsbus yn koe... en dat is slagge.

De hiele reis filmet Robin himsels om der in dokumintêre fan te meitsjen.

Robin Aanstoot en syn freondinne Charlotte

(Advertinsje)
(Advertinsje)