Organisaasje yntocht Ljouwert lûkt him werom: feiligens ûnder druk

11 okt 2021 - 19:24

De Stichting Sinterklaas Intocht Leeuwarden (SSIL) organisearret dit jier gjin yntocht yn Ljouwert. De organisaasje seit benaud te wêzen dat demonstraasjes oer it uterlik fan de Piten oars de boppetoan fiere sille.

Sinteklaas yn Ljouwert yn 2019 - Foto: Shutterstock.com (Giso van Essen)

"Wij hebben veel veranderingen doorgevoerd de afgelopen jaren. Maar hier is voor ons de grens", seit foarsitter Cees Anceaux fan de yntocht. "Vorig jaar hebben wij een grijze piet ingevoerd. Dat deden wij omdat wij niet bereid zijn naar NTR-achtige praktijken toe te gaan. Dan heb je het over roetveegpieten en pieten met kleuren."

Dat wie net nei it sin fan Kick Out Zwarte Piet (KOZP): sy woenen in roetfeechpyt. KOZP woe dêrom demonstrearje by de yntocht.

Feiligens ûnder druk

De organisaasje tocht dat de demonstraasje, yn kombinaasje mei in tsjindemonstraasje, derfoar soargje soe dat de feiligens ûnder druk te stean komt.

Anceaux stelt dat de stichting mei troch de aksjes fan KOZP twongen wurdt sa'n kar te meitsjen. "Zij dwingen ons eigenlijk verder te gaan dan wij willen. Dat recht hebben ze net zo goed als wij het recht hebben de organisatie dan uit handen te geven."

Net as roetfeechpyt

De frijwilligers sjogge it neffens Anceaux net sitten om as roetfeechpyt oer strjitte te gean. "Het gaat ons om de herkenbaarheid. Onze pieten willen net herkend worden. En we willen ook geen carnaval en dat is wat je krijgt met al die kleuren."

De bern hoege net de dupe te wurden, tinkt Anceaux. Hy is yn petear mei in partij dy't de yntocht wol organisearje wol. "Wij werken aan alles mee. Ze krijgen de draaiboeken, financiën, pakken. Noem maar op. Alles wat ze nodig hebben kunnen ze krijgen."

Dan wol roetfeechpieten

De yntocht yn Ljouwert feroaret dan wol, seit Anceaux: "Dat wordt een intocht met roetveegpieten. Dat is in ieder geval duidelijk."

It SSIL hopet dat de yntocht trochgiet. "Wij vinden dat de stad dat verdient. Maar of het helemaal gaat lukken? Wij denken van wel, maar het is niet meer aan ons. Wij zijn niet meer verantwoordelijk."

Buma hâldt fertrouwen

Boargemaster Sybrand Buma fan Ljouwert seit yn in reaksje dat syn ynset in yntocht sûnder ûngeregeldheden is. Dy wiene der de ôfrûne jierren wol. Doe kaam it ta ûngeregeldheden tusken foarstanners fan swarte pyt en tsjinstanners.

Buma respektearret it dat de Stichting Sinterklaas Intocht Leeuwarden him no weromlûkt, omdat dy net fierder gean wol yn it oanpassen fan de kleur fan de piten. Hy hat der fertrouwen yn dat der in oare partij komt dy't de organisaasje fan de yntocht oernimt.

Fragen polityk

De earste fragen fan de gemeentlike polityk binne der al. LIJST058 wol witte oft it gemeentebestjoer ynformaasje hat oer mooglike ûngeregeldheden by demonstraasjes. De partij freget ek wêrom't de gemeente of plysje de feilichheid net garandearje kin.

Trefwurden: 
Ljouwert Sinteklaas yntocht
(Advertinsje)
(Advertinsje)