Koart pleit oer coronapas op NK skaken

11 okt 2021 - 18:36

Skaker Sipke Ernst, earder fan Damwâld, hat mei in pear kollega's in koart pleit oanspand tsjin de gemeente Hoogeveen en it skaakbûn. Ynset fan it skeel is de coronapas. Dy moatte de skakers sjen litte wannear't se in seal yn wolle dêr't se spylje moatte.

Foto: Shutterstock.com / Orla

Neffens de skakers is de coronapas net nedich, omdat der ek oare coronamaatregels jilde by it NK. Se fine de pas en it alle dagen testen in ynbrek op de privacy. Boppedat liedt it har ôf fan it skaken, sizze se.

As de ekstra maatregels net skrast wurde, easkje de skakers dat it NK op in oar plak hâlden wurdt. It NK begjint freed. It is noch net dúdlik wannear't it koart pleit tsjinnet.

(Advertinsje)
(Advertinsje)