Ryk past fergoedings oan, teste foar tagong Dokkum no al wer ticht

De lokaasje fan 'Testen voor toegang' yn Dokkum is nei oardel wike al wer ticht. It testbedriuw hat besletten op te hâlden omdat it de fergoedingen dy't it fan it Ryk kriget, te leech fynt.
Teste foar tagong yn sporthal De Trimmer yn Dokkum © RTV NOF
It systeem fan fergoedingen is okkerdeis feroare. Testbedriuwen krije net mear jild op grûn fan de testkapasiteit, mar foar elke test dy't ôfnaam is.
De gemeente Noardeast-Fryslân ûnderhannelet no mei oare partijen om sa gau as mooglik wer in lokaasje te krijen dêr't minsken in coronatest dwaan litte kinne. Dat moat as se net yninte binne en bûten de doar ite of nei it teäter wolle.