RIVM meldt 104 nije coronabesmettingen yn Fryslân

11 okt 2021 - 15:20

Yn Fryslân binne yn de ôfrûne 24 oeren 104 nije coronabesmettingen registrearre. Dat meldt it RIVM. It binne 14 minder as snein. Doe waarden 118 nije besmettingen meld.

It deistige tal besmettingen fan de lêste trije wiken (komt de grafyk net goed yn byld, klik dan hjir):

Yn trochsneed binne yn de ôfrûne wike alle dagen 84 besmettingen meld yn Fryslân.

It tal besmettingen de gemeente (sjochst de kaart net goed, klik dan hjir):

Yn Fryslân binne yn de ôfrûne 24 oeren gjin stjergefallen fêststeld as gefolch fan it coronafirus. Der binne twa Friezen mei it coronafirus opnommen yn de Fryske sikehuzen.

Lanlik

Lanlik leit it tal nije coronabesmettingen op 2275. It trochsneed fan de ôfrûne sân dagen is 2407.

Sjoch foar mear sifers oer it coronafirus op omropfryslan.nl/corona.

Trefwurden: 
RIVM coronafirus besmettingen
(Advertinsje)
(Advertinsje)