Reinbôgepriis foar Hearrenfeanster dy't him ynset foar âldere LHBTI-ynwenners

11 okt 2021 - 15:11

Wim Swart hat de Reinbôgepriis krige fan de gemeente Heerenveen. Dy is foar in persoan dy't of in inisjatyf dat der mei foar soarge hat dat LHBTI+-ûnderwerpen besprekber en akseptearre wurde.

Wim Swart kriget de Reinbôgepriis - Foto: Stichting Regenboogbelang Heerenveen

Stichting Regenboogbelang Heerenveen (RBH) hat de priis yn 2020 ynsteld.

Wim Swart is pas letter yn syn libben út de kast kommen. Hy kaam iepen en earlik út foar syn aard yn twa lanlike telefyzjeprogramma's: 'Waarheen waarvoor' fan Gerard Joling en Gordon en 'Ali's mensentuin' fan Ali B.

Swart hat him de lêste tiid benammen ynset foar âldere LHBTI-ynwenners fan de gemeente Hearrenfean. Yn de gemeente binne oant en mei snein ferskate aktiviteiten yn it ramt fan de Reinbôgewike.

(Advertinsje)
(Advertinsje)