Ferkeaptentoanstelling mei wurk fan Jentsje Popma smyt 75.000 euro op

11 okt 2021 - 13:31

In ferkeaptentoanstelling mei sa'n 70 wurken fan byldzjend keunstner Jentsje Popma dit wykein yn Jorwert hat sa'n 75.000 euro opsmiten. It jild is bedoeld foar de realisaasje fan stichting Nijkleaster.

Ferkeaptentoanstelling mei wurk fan Jentsje Popma smyt 75.000 euro op

Te keap wienen skilderijen fan lânskippen en portretten, keramyske koppen en reliëfs, glês-yn-leadruten en tekeningen fan Popma, dy't lêsten syn 100ste jierdei fiere mocht.

It wie op beide dagen hiel drok. Bestjoerslid Jan Henk Hamoen wist eins net wat him oerkaam. "Zaterdag was het heel druk en zondag ook weer." Sneon binne sa'n 35 wurken ferkocht en sneintemiddei ek nochris tal fan wurken mei prizen tusken 500 en 3.500 euro. "Van tevoren had ik gedacht dat we voor 50.000 euro zouden verkopen, maar nu denk ik dat we de 75.000 wel halen. Echt ongelooflijk."

Wurk fan Jentsje Popma op de ferkeaptentoanstelling - Foto: Omrop Fryslân

Foar Nijkleaster is goed 2 miljoen nedich, mar al mei al hat Popma dêr tusken de twa en trije ton oan bydroegen mei eardere ferkeaptentoanstellingen. "We maken een diepe buiging voor hem. In het klooster komt uiteraard ook een Popma-hoekje en we hebben een aantal bijzondere werken bewaard die we als herinnering gaan ophangen. We zijn hem enorm dankbaar voor zijn genereuze gebaar."

Op it hiem fan in monumintale pleats yn 'e greiden tusken Jorwert, Hilaard, Jellum-Bears en Weidum wurdt it nije kleaster ûntwikkele.

Jan Henk Hamoen

(Advertinsje)
(Advertinsje)