Rjochtbanktolken fiere aksje yn Ljouwert foar hegere fergoeding

Minsken dy't dizze moandei foarkomme moatte en yn in taal oars as it Nederlânsk har wurd dwaan wolle, hawwe in probleem. De tolken wurkje net, alteast net foar it jild dat de oerheid harren útbetelje wol. Se fiere aksje om wat te dwaan oan it minimumtaryf dat se krije foar it wurk. De tolken easkje priiskompensaasje.
© Omrop Fryslân, Onno Falkena
Sûnt de jierren '80 is it taryf dat rjochtbanktolken útbetelle krije, net mear ferhege. Dêrom kamen tolken út it hiele lân moandei nei Ljouwert om aksje te fieren. Se diene dat op de treppen fan it gerjochtshôf.
Op in stuit kamen der meiwurkers fan Bureau Handhaving dy't seine dat de demonstranten fan de treppen ôf komme moasten om achter de stekken stean te gean. Net terjochte, neffens in tolk Arabysk út de Stellingwerven. Se hiene tastimming frege om op it bordes stean te meien.
Letter ferpleatsten de demonstranten harren nei it binnenplak fan de rjochtbank, ek oan it Saailân yn it sintrum fan Ljouwert.
Rjochtbanktolken fiere aksje yn Ljouwert foar hegere fergoeding
Deputearre Sietske Poepjes oer rjochtbanktolken en Kneppelfreed
Deputearre Sietske Poepjes wie ek oanwêzich by de tolke-aksje. Sy fynt dat der wat barre moat: "Betelje dy minsken no fatsoenlik. Us rjochtssteat hat dêr baat by en de minsken hawwe dêr baat by. Wy hawwe it hjir net oer miljarden."
Sy is oan it lobbyen by de ministers Dekker fan rjochtsbeskerming en Grapperhaus fan justysje om dizze kwestje gau te regeljen. De deputearre is ek fan doel om beide ministers nei Ljouwert te heljen foar in foarstelling fan it toanielstik Kneppelfreed yn it Ljouwerter gerjochtshôf. "Dat is kultuer en ek noch in wichtich stik rjochtsskiednis. In moaie gelegenheid om hjiroer troch te praten."
It protest yn Ljouwert is de earste fan in estafette-aksje. De Fryske tolk Fedde Dykstra fan Wurdum is foarsitter fan de Orde van Registertolken en -vertalers. Hy sette de saak op skerp troch op Prinsjesdag foar it lêst út it Frysk te tolken.
Nei Ljouwert giet de protestaksje tsjin de lege fergoedings woansdei fierder yn Arnhem, tongersdei yn Den Haach en freed yn Amsterdam. Dêr sille harren noch mear tolken oanslute by de aksje. Boppedat wurdt no tongersdei in yn de Twadde Keamer in moasje yntsjinne oer it takennen fan priiskompensaasje oan de rjochtbanktolken.
Beharkje ús reportaazje oe de tolkeaksje