Lanlike kampanje om anonym messen yn te leverjen

'Drop je knife en doe wat met je life' is de namme fan de lanlike aksje tsjin wapenbesit. Jongeren kinne in wike lang anonym messen ynleverje, sûnder dat se straf krije. Acht Fryske gemeenten dogge mei oan de kampanje, wêrûnder Smellingerlân.
© Omrop Fryslân, Ronnie Porte
De gemeente Smellingerlân wurket mei in ynleverbus dy't op ferskate plakken komt te stean.
Wykagint Wietze van der Meer leit út hoe't it wurket. "It giet om slach-, stjit- en stekwapens dy't se yn in kontener ynleverje kinne. Doel is om safolle mooglik wapens by de minsken wei te heljen, sadat der minder wapens yn omloop binne en hooplik ek minder geweld."
Fjoerwapens wolle se net yn de kontener ha. "As minsken fjoerwapens hawwe, moatte se de plysje belje. Dan komme we by minsken del om ûndersyk nei it wapen te dwaan."
Hy hopet dat de aksje in sukses wurdt.
Wykagint Wietze van der Meer
"Bewustwording is het belangrijkste van deze campagne", seit boargemaster Jan Rijpstra fan Smellingerlân. "In de media is er ook veel aandacht voor en ik hoop dat ouders er thuis met hun kinderen over spreken of op school bij maatschappijleer. We moeten de messen uitbannen, dat is het doel."
Boargemaster Jan Rijpstra fan Smellingerlân
Hast twa jier lyn waard de 16-jierrige Roan Brilstra yn it sintrum fan Drachten deastutsen. De skoallen yn Drachten binne relatyf feilich, blykt út ûndersyk. Dochs fine se it goed dat de kampanje der is, seit direkteur Johan Hoekstra fan it Gomarus College.
"Deze actie vormt de inspiratie om het gesprek aan te gaan. Er zijn weinig incidenten in onze school. We mogen onze handen dichtknijpen", seit Hoekstra. Mar it kin ek samar de kop opstekke en dêrom is er bliid mei dit inisjatyf fan de gemeente.
Johan Hoekstra, Gomarus College
Yn Fryslân dogge neist Smellingerlân ek de gemeenten Súdwest-Fryslân, Opsterlân, Hearrenfean, Ljouwert, De Fryske Marren, Eaststellingwerf en Weststellingwerf mei oan de ynsammelaksje.
Yn totaal binne der 19 ynleverplakken yn Fryslân, 10 dêrfan binne op plysjeburo's.