FNP presintearret eigen hûzeplan: foarrang foar Friezen (om utens)

11 okt 2021 - 12:21

Ynwenners fan Fryslân en Friezen om utens moatte foarrang krije op de Fryske hûzemerk. Dat fynt de FNP. It is ien fan de punten yn it saneamd Oanfalsplan Wenjen, dat de partij dizze moandei presintearret.

"It probleem is akuut, dêrom komme wy no mei dit plan"

Foarsitter fan de FNP-Steatefraksje, Sijbe Knol, hat it plan yn it Provinsjehûs nei bûten brocht, yn bywêzen fan ferskate riedsleden.

It plan kin sjoen wurde as antwurd op it Deltaplan voor het Noorden, wêrby't de provinsje Fryslân oanbiedt om 45.000 ekstra hûzen te bouwen. De FNP is ien fan de grutste kritisy op it Deltaplan en op it ta stân kommen dêrfan.

Yn it eigen Oanfalsplan oppenearret de FNP ferskate maatregels om de hûzekrisis te befjochtsjen. Guon maatregels kinne Fryske gemeenten of de provinsje oanpakke, foar oaren is stipe yn Den Haag of yn Brussel nedich.

Sijbe Knol fan de FNP - Foto: Omrop Fryslân

Yn alle gefallen soenen gemeenten in gruttere rol krije moatte yn it wenningbelied. Sa kinne gemeenten mei in 'doelgroepeferoardering' bepale dat minsken mei in bining foarrang krije. Yn Nederlân ha likernôch 50 gemeenten sa'n feroardering, mar yn Fryslân net ien.

Starters helpe

As oplossing draacht de FNP ek in saneamd Frysk Startersmodel oan. Bedoeling dêrfan is dat gemeenten it starters makliker meitsje om yn de eigen omjouwing te keapjen. Dat slagget nammentlik hieltyd minder faak.

As foarbyld neamt de partij de gemeente Ljouwert. Resint ûndersyk hat oantoand dat jongerein graach ferhûzje wol, mar wol binnen it eigen doarp. Dat slagget hast net: yn 21 fan de 34 doarpen om Ljouwert hinne stiet gjin hûs te keap.

Erfpachtkonstruksje

In ûnderdiel fan it Startersmodel is ek dat gemeenten mei in erfpachtkonstruksje wurkje. De gemeente keapet de grûn dêr't it hûs op stiet, wêrtroch't de priis fan it hûs mei sa'n tritich prosint leger wurde kin.

Foto: Shutterstock

Njonken it Startersmodel is ek de Húsfêstingsferoardering in sintraal aspekt fan it plan. Yn 2020 hie de helte fan alle Nederlânske gemeenten sa'n feroardering, mar yn Fryslân jilde dat allinnich foar de eilângemeenten.

Yn in Húsfêstingsferoardering kinne gemeenten regels opstelle, wêrmei't se wenromte tawize kinne oan guon groepen dy't oars gjin kâns meitsje. It moat bygelyks soargje foar goede húsfêsting foar studinten, statushâlders en arbeidsmigranten.

De FNP hopet dat it der ek foar soarget dat der apart boud wurdt foar spesifike doelgroepen en dat húskemelkers minder maklik hûzen opkeapje en ferhiere kinne. "Bouwe nei aard, skaal en karakter", ljochte Aant Jelle Soepboer ta. "Wat der mooglik is binnen stêden en doarpen." As foarbyld neamde Knol de nijbou yn Berltsum.

Sijbe Knol en Aant Jelle Soepboer fan de FNP

(Advertinsje)
(Advertinsje)