Keunstwurk op seedyk by Koehoal ta neitins oan Joop Mulder

11 okt 2021 - 11:33

Op de seedyk by Koehoal is in bouwurk pleatst, in soarte fan bank, mei de namme 'Watdataangaat'. It is ta neitins oan de earder dit jier ferstoarne kultuerman Joop Mulder makke.

Foto: Foto Marc van Vliet

De namme fan de bank ferwiist nei in soad brûkte útspraak fan Joop Mulder. It keunstwurk is ûntwurpen troch byldzjend keunstner Marc van Vliet en betelle troch freonen fan Joop Mulder.

De foarmjouwing ferwiist nei 'De Streken', it keunstwurk dat mei Oerol op Skylge te sjen wie. Dat wurk (ek fan Marc van Vliet) is fanwegen it stoarmseizoen fuorthelle en wurdt wer opboud yn de maitiid.

(Advertinsje)
(Advertinsje)