CityProms makket balâns op nei jubileumedysje: 15.000 besikers

11 okt 2021 - 11:21

Op CityProms yn Ljouwert kamen dit jier 15.000 besikers ôf. It festival foar klassike muzyk wie ôfrûne wike. Op meardere plakken wiene fergees santich konserten te sjen.

Foto: LEO Middelsé, Lennard Geerts

Oars wie it festival altyd yn de simmer, mar dit jier is it fanwege corona útsteld. It jierlikse festival yn Ljouwert is in fergees evenemint en kriget al jierren tsientûzenen besikers. Dizze kear is it mei corona noch krekt wat minder mei de besikerstallen.

It wie dizze kear de tsiende kear dat it festival hâlden waard. Dêrom duorre it twa kear sa lang. De konsertplakken fan dizze edysje wiene ferskate tsjerken: de Grutte Tsjerke, de Bonifatiustsjerke, de Doopsgezinde Kerk en de Pelikaantsjerke. Njonken de bekende poadia Neushoorn en de Westertsjerke waard der ek spile op ûnferwachtse lokaasjes: yn in fersoargingstehûs en yn in stielfabryk.

Organisator Jan Gaastra oer CityProms

(Advertinsje)
(Advertinsje)