Racer Jacob de Vries fan Blije is Nederlânsk kampioen Stockcar F1

Jacob de Vries út Blije is Nederlânsk kampioen Stockcar F1 wurden. Yn in fûle striid wie er syn 100 konkurrinten snein te rap ôf yn Sint Maarten (Noard-Hollân).
Winners fan de race © Meindert Acda, RaRaRacing
Wybe de Vries út Hantum wie lang in konkurrint, mar in 'spin' yn de herstart smiet him werom. Uteinlik kaam er noch as fjirde oer de finish, wol krekt bûten it poadium.
Yn 2017 waard Jacob de Vries ek al Nederlânsk kampioen en yn 2019 wie er de bêste by de autocross yn Blauhús.

Op it sirkwy waard ôfskied naam fan Willem de Boer dy't nei 39 jier racen ophâldt. Nei syn lêste race waard er huldige.
Willem de Boer © Meindert Acda , RaRaRacing