Slachtoffer deadlik ûngelok by Snits is ynwenner fan Boalsert

De persoan dy't snein omkommen is by in ferkearsûngelok by Snits is in 70-jierrige ynwenner fan Boalsert. Hy wie de bestjoerder fan de auto.
De plysje by it ferkearsûngelok bûten Snits © Noordernieuws
In frou fan 71 jier dy't by him yn de auto siet, is mei swiere ferwûnings oerbrocht nei it sikehûs. Sy komt út Den Dolder yn de provinsje Utrecht.
De auto dêr't de twa yn sieten, kaam by in rotonde op de N354 yn botsing mei in oare auto. De minsken yn dy auto rekken ek ferwûne. De man fan 58 en in frou fan 57 jier út Dútslân binne ek nei it sikehûs rekke. De plysje hat de saak yn ûndersyk.