Ald-topturnsters moatte smertejild krije as erkenning

Ald-topturnsters dy't jierren te krijen hân ha mei lichaamlik, psychysk en emosjoneel geweld moatte elk fiiftûzen euro krije. It jild is in erkenning foar it lijen dat se oandien is.
© Shutterstock
Dat stiet neffens it Noordhollands Dagblad yn in advys dat moandei offisjeel presintearre wurdt.
Earder dit jier die bliken dat in soad topturnsters slachtoffers wienen fan 'grensoverschrijdend gedrag'. Earder dit wykein waard bekend dat de Fryske turncoach Gerben Wiersma skuldich fûn is oan it oertrêdzjen fan it tuchtreglemint. Wiersma krijt dêr gjin straf foar.

Ekskús fan NOC*NSF

Foarsitter Anneke van Zanen-Nieberg hat út namme fan sportkoepel NOC*NSF ekskús makke oan sporters dy't slachtoffer west ha fan 'grensoverschrijdend gedrag'. Se die dat yn reaksje op it advys fan in kommisje dy't ûndersocht oft slachtoffers yn de turnsport finansjele stipe krije kinne.
Van Zanen sei dat NOC*NSF tekoartsketten is. "Er waren al voor 2010 rapporten. We hadden het kunnen en moeten zien. We hebben verzuimd na te gaan of meldingen een structurele achtergrond hadden en of aanbevelingen werden nagevolgd. We hebben de zaken gezien als losse bomen, maar zagen niet het hele bos. Daarvoor bieden wij de sporters oprechte excuses aan."