Ynwenner út Noardeast-Fryslân wint 1 miljoen euro yn Staatsloterij

11 okt 2021 - 07:04

Fryslân hat der in miljonêr by. De haadpriis fan 1 miljoen euro fan de Staatsloterij is fallen op in hiel lot fan in abonneespiler út de gemeente Noardeast-Fryslân.

Foto: Shutterstock.com

De gegevens fan de winner wurde net bekend makke. De winner wurdt útnûge op it kantoar fan de lotterij.

De Jackpot is net fallen en stiet by de folgjende trekking op 10 novimber op 23,6 miljoen euro.

Trefwurden: 
priis Staatsloterij miljoen
(Advertinsje)
(Advertinsje)