Mear wenningbrannen yn 2020, mar net yn Fryslân

11 okt 2021 - 06:17

It oantal wenningbrannen yn Nederlân is foar it earst yn jierren wer wat tanaam. Mar yn Fryslân krekt net.

Fan takom jier ôf is in reekmelder ferplichte

Neffens it Verbond van Verzekeraars kamen der ferline jier hast 67.000 claims binnen, wylst it in jier earder noch om 64.879 claims gie.

De oarsaak dêrfan hat neffens dy fersekerders nei alle gedachten te krijen mei de coronakrisis. "Vanwege de coronamaatregelen werd er in 2020 veel thuisgewerkt, waardoor er vermoedelijk vaker brand ontstond", seit direkteur Weurding van ut Verbond van Verzekeraars tsjin de NOS.

Brânwachtwein yn Dokkum - Foto: Timo Jepkema, Omrop Fryslân

Mar yn Fryslân wienen der hielendal net mear wenningbrannen. Sterker noch, as je oare sifers der by pakke dan stienen wenten yn Fryslân ferline jier krekt minder faak yn ljochte lôge. Dat ferskil komt troch it ynterpretearjen fan data.

"It Verbond van Verzekeraars sjocht nei alle claims dy't binnen komme. As ien dus in licht skroeiplakje hat yn de klean of yn de bank dan is dat in claim. Sy registrearje dat dus as wenningbrân", seit Wietze Brandsma fan de Brânwacht Fryslân.

Brânwacht Fryslân - Foto: Timo Jepkema, Omrop Fryslân

Fansels is de kâns op brân wol grutter wurden trochdat wy sûnt de coronakrisis mear thús wurkje as foarhinne. "As je thús binne ha je it heechste risiko dat der wat barre kin", seit Brandsma. "Nim bygelyks it boartersguod fan de bern, oeral sit tsjinwurdich in akku yn."

Noch hieltyd begjinne wenningbrannen meastentiids troch koartsluting, smoke of flam yn de panne. Ek it tal húshâldlike apparaten nimt ta. Fersekerders sjogge de lêste jierren benammen in taname fan brannen troch elektroanyske apparaten en it opladen derfan.

In reekmelder - Foto: Timo Jepkema, Omrop Fryslân

En dus is previnsje noch hieltyd wichtich foar de brânwacht. "Fan jannewaris 2022 wurdt yn elts wengebou in reekmelder ferplichte", leit Brandsma út. Hoe't dat der krekt út komt te sjen en hoe't dêr op tasjoen wurdt, is noch ûndúdlik.

De brânwacht is der wiis mei, mar sil net by de doarren del om te kontrolearjen oft elkenien wol in reekmelder ophingje lit.

(Advertinsje)
(Advertinsje)