UNIS Flyers wint ek bekerduel yn Geleen

10 okt 2021 - 21:31

De iishockeyers fan de UNIS Flyers ha de thúsoerwinning op Hijs Hokij in goed ferfolch jûn. Yn Geleen waard Eaters mei 7-3 ferslein.

Foto: Martin de Jong Fotografie

Al hiel betiid kaam Eaters op foarsprong, mar de Fin Riku Pitkanen sette de Flyers noch yn de earste perioade op 1-1. Dat wie ek de einstân fan de earste perioade.

Dêrnei gong it hurd: troch goals fan Kevin Nijland, Jasper Nordemann en Marc Nijland binnen in pear minuten kaam Flyers op 1-4. Eaters kaam noch werom oant 3-4, mar Roope Nikkila soarge derfoar dat Flyers mei in komfortabele foarsprong de lêste perioade yngong.

Yn dy lêste perioade makken Eef Gerritsen en Marc Nijland de stân noch wat moaier foar de Friezen.

Lang bekertoernoai

Flyers hat no de earste twa wedstriden fan it bekertoernoai wûn. Dat toernoai begjint mei in pûlfaze. Flyers spilet noch in kear tsjin Hijs Hokij en Geleen en ek noch twa kear tsjin Zoetermeer.

Ein oktober binne dan de heale finales, yn jannewaris is de finale.

Yn it seizoen 2019/20, de lêste kear dat de beker spile is, wûnen de Flyers.

Trefwurden: 
iishockey UNIS Flyers Eaters
(Advertinsje)
(Advertinsje)