Keatsers sykje de seal op: "Muorrekeatsen is kondisjoneel folle swierder"

It Fryske keatsseizoen is al in pear wiken dien, mar in part fan it keatspeloton siket no de sporthallen op om te muorrekeatsen. Foar de wille, de kondysje, mar ek om in kwalifikaasje ôf te twingen foar in prestizjeus toernoai yn Valencia.
Lekker om even hielendal stikken te gean, fynt Hans Wassenaar:
"Dit is kondisjoneel folle swierder", seit Hans Wassenaar yn sporthal De Trije yn Frjentsjer. "By it Fryske keatsen ferdielst de krêften folle mear. Hjir krijst elke sekonde in bal foar de noas."
De dagen sitte ek oars yn elkoar: by it muorrekeatsen binne wedstriden sa'n 20 minuten en is in toernoai nei 2,5 oere foarby. "En by it Fryske keatsen is in wedstriid in oare. Begjinst moarns om 11.00 oere en bist om 18.00 oere klear."
Hans Wassenaar by it muorrekeatsen © Omrop Fryslân, Nynke Tuinstra
Hiel oars dus, mar Wassenaar is bliid dat er wer los kin. "Ik ha even trije wiken hielendal neat dien, lekker op fakânsje west. Dan is it lekker om no yn de seal te baljen."
Tweintich minuten folút en dan even bykomme. Dat hast dan ek wol nedich.
Hans Wassenaar
It muorrekeatsen is yn Fryslân minder prestizjeus as it Fryske spul en ek Wassenaar docht it benammen foar de wille. "Mar ik fyn it ek lekker om even hielendal stikken te gean. Tweintich minuten folút en dan even bykomme. Dat hast dan ek wol nedich."

Heakket wat ta

Net alle haadklassekeatsers binne dizze wiken oan it wallballen, mar in grut part wol, seit bestjoerslid Johannes Siegersma fan de KNKB. "Guon rekreatyf, oaren mei wedstriden. It heakket wol wat ta op it keatsen. Dat sjochst ek: wa't oan muorrekeatsen docht, kin yn it tuskenspul mei links én rjochts goed út 'e fuotten."
Der stie dus ek noch wat op it spul yn Frjentsjer: Tjisse Steenstra en Harmke Siegersma pakten de winst en meie yn novimber nei Valencia ta foar it World Elite-toernoai.