FIDEO: Tsjerketsjinst yn de Jouster Hobbe van Baerdt-tsjerke

Omrop Fryslân stjoert alle sneinen tsjerketsjinsten mei in oekumenysk karakter út. De tsjinsten begjinne om 10.00 oere. Se binne te sjen op de livestream op de webside fan Omrop Fryslân en ek op telefyzje. Yn oktober komme de tsjinsten út de Hobbe van Baerdt-tsjerke op De Jouwer wei.
De foargonger is Cor Nijkamp en Ben Klinkhammer spilet op it oargel. Fierdere muzikale meiwurking is der fan Capella@deJouwer û.l.f. Jan Andries Dijkstra.

Klik hjir foar de liturgy fan de tsjinst.