Hotel op It Amelân ûntromme nei útslaande brân

09 okt 2021 - 22:47

Hotel Dolorus op It Amelân is sneontejûn ûntromme nei in útslaande brân. Der wie brân ûntstien yn it dak fan it hotel oan de Yme Dunenweg yn Hollum.

Foto: Timo Jepkema, Omrop Fryslân

De brânwacht hie it fjoer nei in goed healoere ûnder kontrôle en hat dêrnei alle keamers trochsocht. Fjirtich gasten waarden ûntromme nei de 'korte, hevige brand'. Der moat nei alle gedachten oar ûnderdak fûn wurde foar harren.

De brân soe ûntstien wêze yn de keuken.

Trefwurden: 
brân It Amelân Hollum
(Advertinsje)
(Advertinsje)