Flyers sette bekerkompetysje útein mei winst op Hijs Hokij

09 okt 2021 - 22:02

De UNIS Flyers ha sneontejûn de earste wedstriid fan de bekerkompetysje wûn. De Feanster iishockeyers wiene yn Thialf mei 2-1 te sterk foar Hijs Hokij út Den Haag.

De Flyers wiene lang om let werom op it eigen iis, mar setten net al te geweldich útein. Se stiene nei de earste perioade mei 0-1 efter: Hijs Hokij hie optimaal gebrûk makke fan in powerplay.

Yn de twadde perioade lieten de Flyers efkes sjen dat se dat ek kinne. Oanfierder Trevor Hunt makke fia in powerplay wer lyk.

Foto: Martin de Jong

Mei in sterke Finske gearwurking waard der yn de tredde perioade 2-1 fan makke. Roope Nikkilä krige romte om oer links nei foaren te lûken. Hy krige de puck by Rike Pitkänen, dy't skoarde.

Lang bekertoernoai

De Beker fan Nederlân is noch lang net oer: de Flyers spylje nochris tsjin HIJS Hokij en treffe Zoetermeer en Geleen noch twa kear. Ein oktober binne de heale finales, yn jannewaris is de finale. Yn it seizoen 2019/20, de lêste kear dat de beker spile is, wûnen de Flyers.

(Advertinsje)
(Advertinsje)