Oppermachtich VC Snits wint twadde kompetysjewedstriid

VC Snits hat de twadde wedstriid fan it nije earedivyzjeseizoen mei 3-0 wûn fan FAST út Gennep. Snits hie it gjin momint dreech mei de Limboargers.
De spylsters fan VC Snits op argyfbyld © Orange Pictures
VC Snits begûn goed oan de wedstriid. It ferskil wie yn de earste set al fluch in punt of fiif yn it foardiel fan Snits. FAST, mei âld-Snitsspylster Lisan Siemonsma yn de ploech, koe net weromkomme. It waard sels 22-12 en dêrmei wie de set eins wol beslikke.
Op 24-14 sloech FAST de bal út en dêrmei hellen de Snitsers de earste set binnen: 1-0.

Tsien punten ferskil

Ek yn de twadde set hie Snits it net hiel dreech mei FAST. De thúsploech makke wol in pear opslachflaters, mar hie hieltyd in romme foarsprong. Sa kaam der al fluch in 11-5 tuskenstân op it skoareboerd.
It wie in faze wêryn't alles goed foel foar VC Snits. Oan it ein fan de set rûn de foarsprong wer nei in ferskil fan tsien punten en by 21-11 hie Snits dy marzje te pakken. De set einige mei deselde skoare as de earste set: 25-14 en dêrmei wie it 2-0.

Tredde set spannender

Yn de tredde set wie it earste punt foar FAST en it ferskil waard ek nea sa grut as yn de earste twa sets. Fan 6-6 waard it lykwols 13-7 en dêrmei hie Snits alwer in komfortabele foarsprong te pakken.
By 24-20 sloech FAST wer in bal út en sa wie de wedstriid dien: 3-0.