Turncoach Gerben Wiersma oertrêde tuchtreglemint, mar krijt gjin straf

De beropskommisje fan it Instituut Sportrechtspraak hat Gerben Wiersma skuldich fûn oan it oertrêdzjen fan it tuchtreglemint. De turncoach hat lykwols gjin straf krigen.
© ANP
Yn july ferline jier kamen ferhalen nei bûten fan turnsters dy't har fysyk en geastlik mishannele fielden troch harren turncoach. Ferskate coaches, ûnder wa Wiersma, mochten doe net mear oan it wurk.

Earder frijsprutsen

Fiif turnsters beskuldigen Wiersma fan skellen, it meitsjen fan kwetsende opmerkings en it negearen fan blessueren. De tuchtkommisje fan it ISR spruts Wiersma yn april noch frij.
Neffens de beropskommisje hat Wiersma him lykwols net oan it tuchtreglemint hâlden. Dat soe er net mei sin dien ha en 'kan hem maar in zeer beperkte makte een verwijt worden gemaakt'.

'Normaal' gedrach

"Uit onderzoeken is gebleken dat in die periode binnen de turnsport een cultuur van grensoverschrijdend gedrag heerste en deze cultuur als 'normaal, vanzelfsprekend, althans bij de turnsport behorend' werd beschouwd", sa is te lêzen yn de útspraak.
"Het is genoegzaam bekend dat binnen de KNGU bekend was dat deze cultuur bestond, maar dat zij daarop niet (doortastend) heeft geacteerd."

"Beperkte ernst"

"Na onderzoek is gebleken dat de ongewenste gedragingen van mij zowel in aantal als in ernst zeer beperkt zijn geweest", seit Wiersma yn in reaksje.
"Toen ik in april werd vrijgesproken heb ik aangegeven dat het me raakt dat er turnsters zijn met negatieve ervaringen en kennelijk deels met mij. Alhoewel ik geen straf opgelegd krijg, had ik wel gerekend op bevestiging van de vrijspraak."