Twa Ljouwerters (13 en 14) oanhâlden nei gewelddiedige berôving

De plysje hat sneontejûn twa Ljouwerters fan 13 en 14 jier oanhâlden foar in berôving oan it Zuidvliet. It slachtoffer waard útnûge yn in hûs en waard mishannele en berôve.
© ANP
It slachtoffer en de fertochten krigen spul en dat rûn út op mishanneling. It slachtoffer waard oer it hiele lichem skopt en slein. Under driging fan stekwapens joech hy guod ôf.
It slachtoffer rekke licht ferwûne en koe op strjitte help freegje oan omstanners. Der waard in Burgernetmelding útstjoerd en mei dêrtroch waarden sneontejûn al twa fertochten oanholden oan de Anjelierstraat. Sy hiene guod en in mes dêr't mei drige wie by harren.
De plysje siket noch twa fertochten en ropt tsjûgen mei tips op om harren te melden.