Mirthe Akkerman sylt nei 14e plak op Europeesk kampioenskip

09 okt 2021 - 17:10

Mirthe Akkerman fan Akkrum is sneon 14e wurden op it Europeesk kampioenskip Laser Radial. Junior Willem Wiersema waard 5e yn syn klasse.

Foto: ANP

It EK yn Varna stie eins foar maaie op de aginda, mar waard troch de coronakrisis útsteld. Akkerman stie nei de earste acht races noch op it trettjinde plak, mar sakke troch in 21e en 30e plak op sneon.

De winst wie op it Bulgaarske wetter foar Agata Barwinska fan Poalen, de Nederlânske Maxime Jonker pakte it sulver.

Wiersema 5e

Willem Wiersema fan Eastermar sylt as junior yn de ILCA7 oftewol de Laser Radial. Yn de Silverklasse kaam hy op it fiifde plak terjochte, krekt efter lângenoat Marnix Bos. It earste plak wie foar de Finske Valtteri Uusitalo.

Wichtichste ôfwêzige op it EK wie Marit Bouwmeester. De sylster fan Warten liet it toernoai - lykas in tal oare toppers - oan har foarbygean mei it each op de wrâldkampioenskippen yn novimber.

(Advertinsje)
(Advertinsje)