Minne middei fuotballers: Harkema, ONS en Bûtenpost ferlieze

09 okt 2021 - 17:02

It wie sneon op 'e nij in minne dei foar de Fryske topamateurfuotballers. Yn de tredde divyzje ferlear Harkemase Boys mei 4-1 fan Sportlust'46, wylst Bûtenpost (0-3 tsjin RKAV Volendam) en ONS Snits (0-4 tsjin SC Genemuiden) yn de haadklasse ek gjin punten pakten.

Foto: Orange Pictures

Nei it ferlies fan ferline wike tsjin Barendrecht, moast Harkemase Boys yn Woerden trije punten pakke tsjin Sportlust'46 om boppeyn meidwaan te bliuwen yn de tredde divyzje.

Yn de earste helte wienen de kânsen op ien hân te tellen. Yn de 38ste minút wie Kian Visser noch it tichtst by in doelpunt, mar syn skot skampte de latte.

Berwout Beimers dribbelet lâns in spiler fan Sportlust'46 - Foto: Orange Pictures

De earste grutte kâns nei it skoft wie ek foar Visser. De keeper fan Sportlust koe in kopbal fan him lykwols keare. Nei in oere kamen de Boys dochs op foarsprong. Henny Bouius kopte in hoekskop fan Mark Bruintjes yn de goal: 0-1.

Harkemase Boys kin foarsprong net fêsthâlde

Yn de 69ste minút wie de stân alwer yn lykwicht. Mark Bruintjes makke in eigen doelpunt: 1-1. Harkemase Boys wie it dêrnei kwyt en tsien minuten foar tiid makke Bas van Zoest 2-1 foar Sportlust'46.

Harkemase Boys kriget trije tsjindoelpunten yn sân minuten tiid - Foto: Orange Pictures

Dêrnei gie it fluch: Mark van der Weijden makke mei twa doelpunten yn trije minuten tiid dien wurk: 4-1. Berwout Beimers wie mei in skot tsjin de ûnderkant fan de latte noch tichteby 4-2, mar in doelpunt siet der net mear yn foar de Boys.

Harkemase Boys is foarearst sechsde yn de tredde divyzje mei 12 punten.

Trainer Jan Piet Bosma: "It wie skandalich"

Yn de haadklasse hie ONS Snits it fuort dreech mei SC Genemuiden. Ferdigener Gabriël Fernando fan ONS moast al yn de earste minút in bal fan Osama Ben Kaddour fan de line helje.

It duorre lykwols net lang foar't Ben Kaddour wol in doelpunt makke. Yn de 18e minút skeat hy de bal lâns ONS-doelman Tristan Boersma yn de goal: 0-1. Genemuiden makke efkes letter ek in twadde doelpunt, mar de skiedsrjochter karde de treffer fan Rick Doorn ôf.

Ald-Harkyt makket 0-2

Ek nei it skoft wie it in drege wedstriid foar ONS. It waard al fluch 0-2. Jens Jurn Streutker, âld-spiler fan sc Hearrenfean en Harkemase Boys kopte de bal tsjin de touwen.

Mei syn twadde doelpunt fan de dei beslikke Ben Kaddour de wedstriid yn de 79ste minút: 0-3. Krekt foar it lêste fluitsinjaal makke Ben Kaddour ek noch de 0-4. Dêrnei makke de skiedsrjochter in ein oan de wedstriid.

ONS hat no 9 punten en stiet dêrmei njoggende.

De trainers fan beide teams yn petear mei ferslachjouwer Hijlko Broersma

Bûtenpost tsjin RKAV Volendam gie yn de earste helte lykop. Beide ploegen krigen in pear kânsen, mar doelpunten foelen der foar it skoft net.

Bûtenpost ûnderút yn twadde helte

Nei it skoft kaam Bûtenpost op efterstân. Volendam hie al in pear kear driigjend west yn de twadde helte en yn de 59ste minút wie it raak: in ôfstânsskot fan Daan van Baarsen fleach yn it doel. Efkes letter waard it noch slimmer doe't Stan Veerman in flater yn de ferdigening fan Bûtenpost ôfstrafte: 0-2.

Krekt foar it ein fan de wedstriid waard it ek noch 0-3 troch Marco Speijk. Troch it ferlies stiet Bûtenpost no op it sânde plak yn de haadklasse.

(Advertinsje)
(Advertinsje)