HEA! De Cape Breton Highlander Pipes & Drums

The Cape Breton Highlander pipes & drums út Ljouwert binne alwer efkes oan de gong mei repertearjen nei corona. Se binne in strjitband en wolle mei dat typyske lûd hiel graach mear optredens. De ûnderfining seit dat minsken grepen wurde troch it lûd fan in doedelsek, of dat se it hielendal neat fine. It is ek net sa'n maklik te bespyljen ynstrumint. Se wolle graach de strjitte wer op, mar kinne dêrby ek noch wol wat nije leden brûke.
HEA! De Cape Breton Highlander Pipes & Drums