Wurk oan Wâldwei; ferkear moat der snein rekken mei hâlde

Ferkear dat snein oer de Wâldwei (N31) giet, moat rekken hâlde mei asfaltearringswurksumheden tusken Ljouwert-East en de Werpsterhoeke.
© Omrop Fryslân, Aise van Beets
It ferkear moat dan oer de flechtstreek en mei 70 kilometer ride. De ferbining nei de A32 nei It Hearrenfean wurdt ôfsletten foar ferkear. Dizze wurksumheden duorje fan 7 oere moarns oant 12 oere middeis.
Fan 9 oant 14 oere moat it ferkear tusken Ljouwert-Noard en de Werpsterhoeke ek oer de flechtstreek. Dêr binne ek asfaltearringswurksumheden.