CityProms Festival oars troch corona mar wol feestlik en muzikaal

De tsiende edysje fan it CityProms Festival yn Ljouwert is yn folle gong. Mei santich eveneminten yn njoggen dagen is der genôch te dwaan yn de stêd. Mar troch de coronacheck is it wol oars as oare jierren.
CityProms Festival oars troch corona mar wol feestlik en muzikaal
It festival is 2 oktober begûn en hat snein 10 oktober de slotdei. Jan Gaastra fan de organisaasje is tefreden oer it ferrin. "Bij het concert van het NNO op het Zaailand scheen zelfs de zon op het podium. Dat hebben we anders nooit in juni."
Foar it fergees tagonklike festival koenen minsken yn it foar kaarten reservearje. Gewoanwei komme der sa'n 5.000 minsken, dat wie no wol minder fanwegen de coronamaatregels.

Polsbantsjes

"Ik denk dat we op twee derde zitten. Naast de unit waar mensen de gratis kaarten kunnen afhalen is de unit voor polsbandjes zodat je na het scannen van de QR-code de rest van de tijd in- en uit kunt lopen."
Snein is de lêste dei. "Dan staat onder andere de Marinierskapel op het programma, maar vanavond treedt de Dutch Swing College Band op. Dus de voetjes van de vloer, er mag weer gedanst worden."
Jan Gaastra