PSV te sterk foar froulju sc Hearrenfean

09 okt 2021 - 13:01

De fuotbalfroulju fan sc Hearrenfean binne freed yn Eindhoven tsjin in nederlaach oanrûn. Op Sportpark De Herdgang ferlearen de Feansters mei 4-1 fan PSV.

Zoï van der Ven makke de iennige goal foar de Friezen - Foto: www.orange-pictures.nl

It begjin fan Hearrenfean wie striemin. Al nei fjouwer minuten kaam PSV op 1-0. In hoekskop fan Desiree van Lunteren foel yn de kluts by de earste peal binnen. Krekt foar it skoft sette Zoï van der Ven Hearrenfean op likense hichte. Se skeat raak fan de râne fan it strafskopgebiet ôf, nei't de PSV-definsje dêr de bal kwyt rekke wie.

Nei trettjin minuten yn de twadde helte kaam de ploech út Eindhoven dochs wer op foarsprong, op 'e nij út in hoekskop. Ditkear kopte Maruschka Waldus de bal binnen by de twadde peal. Waldus spile yn it ferline ek noch by Hearrenfean. Seis minuten letter makke Van Lunteren de 3-1, nei Feanster balferlies.

It slotakkoart wie ek foar PSV. In kertier foar tiid skoarde Naomi Pattiwael 4-1 en dêrmei sette se de einstân op it skoareboerd.

De Feanster froulju steane troch it ferlies op it sechde plak mei fiif punten út fiif wedstriden.

(Advertinsje)
(Advertinsje)