Postúm earbetoan oan keunstner Gerrit Wierdsma

09 okt 2021 - 11:29

'Voetstappen in de tijd' is de titel fan de tentoanstelling mei wurk fan de Fryske keunstner Gerrit Wierdsma (1949-2019). It postume earbetoan is te sjen yn de galery yn Easthim.

Postúm earbetoan oan keunstner Gerrit Wierdsma

"Hy stoar hommels, wie fan de trep fallen. Hy hat in pear dagen yn hûs lein yn IJmuiden. Dêr wenne er al jierren, ek nei syn pensjoen is er dêr bleaun", fertelt broer Tjitte Wierdsma.

Gerrit Wierdsma folge oardeljier Academie Minerva yn Grins, mar dat foldie him net. Hy bleau wol syn libben lang tekenjen. "Hy hie mappen fol materiaal. It leauwe wie ien fan syn ynspiraasjeboarnen. Hy makke searjes tekeningen mei bibelske foarstellingen lykas it skeppingsferhaal. Hy wurke net op doek, want hy wie in sunich man. Hy wurke op stevich papier. Syn frij realistyske tekeningen kleure er yn mei pastelferve."

By in moeting flak foar syn dea sei Gerrit tsjin syn broer dat der net folle wurk wie, mar dat in útstalling him wol moai like.

De eksposysje is te sjen oant en mei 31 oktober yn galery Oosthem yn Easthim.

(Advertinsje)
(Advertinsje)