Drachtster rekket ferwûne by stekpartij yn Surhústerfean

Yn Surhústerfean is yn de nacht fan freed op sneon in 52-jierrige man út Drachten ferwûne rekke by in stekynsidint.
© Noordernieuws
Dat wie by de pizzeria oan De Kolk yn it doarp. De man wie ferwûne oan de rêch. In 21-jierrige man út Surhústerfean is troch de plysje as fertochte oanhâlden.
De plysje siket tsjûgen. Dy kinne har melde op 0900-8844 of 0800-7000.