Flyers komme nei oardel jier wer yn aksje op Thialf

09 okt 2021 - 10:02

De UNIS Flyers spylje sneon op Thialf foar it earst sûnt maart 2020 wer in offisjeel iishockeyduel. HIJS Hokij Den Haag is de tsjinstanner yn de earste ronde fan it bekertoernoai.

Flyers komme nei oardel jier wer yn aksje op Thialf

Der dogge dit seizoen fjouwer Nederlânske teams mei op it heechste nivo. Neist de UNIS Flyers en Den Haag binne dat Geleen en Zoetermeer.

Yn 2020 wienen de Flyers ûnderweis nei de triple: se wûnen al de beker en de nasjonale titel, en stienen yn de heale finale fan de BeNe League einstriid. Mar begjin maart waard de stekker út de kompetysje lutsen fanwege corona. It jier dêrnei waard hielendal net spile. Nei goed oardel jier stiet de seleksje fan trainer/coach Mike Nason dan ek te popeljen om wer yn aksje te kommen.

Goalie Martijn Oosterwijk hat it spyljen bot mist

Yn maart 2020 waard de 10e Nederlânske titel binnen sleept troch in swierbefochten oerwinning op Den Haag mei 4-2. Foar it earst yn fyftjin jier wie Thialf wer folslein útferkocht. Foarsitter Henk Hoekstra hopet dat it publyk no by de nije kompetysjestart it paad nei de iishockeyhal ek wer fine kin.

De foartekens lykje goed, want der binne no al mear seizoenskaarten ferkocht as yn it lêste jier foar corona.

Foarsitter Henk Hoekstra sjocht út nei start iishockeyseizoen

De bekerkompetysje wurdt spile fan 9 oktober oant en mei 24 oktober. Yn it wykein fan 29, 30 en 31 oktober binne de heale finales (bêste-fan-3). De winners spylje de bekerfinale op 9 jannewaris 2022.

Nei ôfrin fan it bekertoernoai giet de kompetysje fierder yn de BeNe League. Dan komme der fjouwer Belgyske teams by en stride acht teams om de BeNe League-titel.

BeNe League

Yn novimber set de BeNe League útein, mei fjouwer Nederlânske (Flyers, Den Haag, Geleen en Zoetermeer) en fjouwer Belgyske teams (Mechelen, Luik, Leuven en Herentals). Nei 28 wedstriden stride de sterkste teams ein febrewaris fia play-offs om de BeNe League titel.

Trefwurden: 
Thialf iishockey UNIS Flyers
(Advertinsje)
(Advertinsje)