Johannes Kramer oer rapport Waadakademy: "Dit biedt in goede kâns"

Boargemaster Johannes Kramer hellet moed út it rapport fan de Waadakademy oer de gaswinning by Ternaard. Boppedat sjocht er yn de gemeente Noardeast-Fryslân hieltyd mear effekten fan de krapte op de huzemerk.
© Omrop Fryslân
De Waadakademy kaam dizze wike mei in rapport oer de gaswinning by Ternaard nei oanlieding fan in ûnôfhinklik ûndersyk. Dêr die út bliken dat de fergunning foar it boarjen by 'redelijke wetenschappelijke twijfel' dochs wegere wurde kin.
"Dat jout ús wer moed, wy binne tsjin dy gaswinning. In soad minsken mei ús binne dêr tsjin", seit Johannes Kramer, boargemaster fan Noardeast-Fryslân. "As deputearre ha ik dat ek meimakke, de wet wie sa, je meie kwealik nei in ljippeaainêst wize, dan is it hiel nuver dat je dan wol boarje meie yn in hiel kwetsber natoergebiet."

Mynbou-wet

Earder wie de gedachte dat de fergunning op basis fan de âlde mynbou-wet net ôfwiisd wurde koe. De minister soe oan dy wet fêstsitte. "Je hawwe de mynbou-wet, dat sit juridysk sa yninoar dat dêr net in soad mear oan te dwaan is."
Johannes Kramer oer rapport: "Dit jout ús wer moed":
De útkomst fan it ûndersyk fan de Waadakademy is dat dat dochs oars leit. De ûndersikers sizze no dat minister Schouten fan Natoer net samar tastimming jaan kin, om't net wis is dat der gjin skea ûntstean sil. "Dit nije eachpunt dat de Waadakademy opsmyt, biedt benammen foar dy ferieningen dy't der tsjinyn gean wolle in goede kâns."
Kramer tinkt dan ek dat dy ferieningen mei dit ûndersyk efter de hân sterk steane: "Ik tink dat hjir wol in saak yn sit foar dejingen dy't hjir tsjinyn gean wolle."

Beslút oer gaswinning útsteld

Minister Blok hie it beslút oer de gaswinning al útsteld oant takom jier maart. In logyske kar fynt Kramer: "Wy ha ek altyd sein, nim no net allinnich in beslút oer Ternaard, mar sjoch nei de hiele problematyk: hoe wolle we fan it gas ôf, hoe wolle we omgean mei klimaatferoaring en ferduorsuming. Ut in algemien fisy kinst sizze, we dogge it wol of we dogge it net."
"Dat is it grutte dilemma", seit Kramer oer tekoart oan gas en nije gaswinning:
De diskusje wurdt wol hieltiten yngewikkelder, no't de gasprizen rap tanimme en in tekoart oan gas driget. "Dat is it grutte dilemma, ek yn Den Haag op dit stuit. Dat betsjut dat men folle mear faasje meitsje moat mei it loskeppeljen fan it gas, de ferduorsuming en it elektrisiteitsnet yn it Noarden by de tiid bringen."
Yn It Polytburo beprate presintatoaren Andries Bakker en Eric Ennema alle wiken mei in gast aktuele tema's yn de polityk. Sjoch hjir nei de folsleine útstjoering mei Johannes Kramer.
Kramer wol de gaswinning net, mar hâldt dochs rekken mei it senario. "As it al trochgiet, dan moatte de minsken yn dy regio goed en rom kompensearre wurde. Bygelyks mei enerzjyfoarsjenning dy't duorsum is."

Krapte op de huzemerk

In oar probleem is de krapte op de huzemerk. Dat probleem spilet ek yn Kramer syn gemeente. "By ús yn Noardeast-Fryslân wurde net in soad huzen mear ferkocht, om't der gewoan te min oanbod is. Oan de oare kant binne der in soad jonge minsken dy't in hûs besette wolle."
Dat lêste is neffens him de grutte skaadkant fan it probleem: "Minsken dy't yn har eigen doarp in moai húske besette wolle, fiskje efter it net om't der minsken oerhinne biede, en dat is skande."

Effekt bedriuwen

It effekt bliuwt net beheind ta de ynwenners, bedriuwen yn de regio hawwe yndirekt ek lêst fan de krapte, seit Kramer. "Wy hearre ek fan wurkjouwers dy't ferlet hawwe fan heech kwalifisearre personiel, mar dy kinne by ús gjin wenning besette. It is al dreech om personiel te krijen, en dan helpt dit net."
Johannes Kramer oer de huzemerk yn Noardeast-Fryslân:
Om dat tekoart op te lossen moatte der wenten byboud wurde. "Yn de hiele diskusje fan de Lelyline hat Noardeast-Fryslân ek in oanbod dien oan de Deputearre om ek by ús bouwe litte te kinnen. De plannen dy binne der, dêr kinne we no mei oan 'e gong."
Mar Kramer is realistysk, huzen bybouwe is net samar klear: "Wy sizze 'wy wolle hjir bouwe, jou ús dy romte' en de provinsje stiet dêr ek foar iepen, dêr wurkje wy no oan. Dat is wat foar de lange azem, mar it ferlet is no, en dêr sit foaral de kneep."
© Omrop Fryslân