Freonen oer ferstoarne Andries: "It fielt krekt as kin er hjir sa wer binnenrinne"

09 okt 2021 - 08:04

Loads, pick-up, Mercedes, Marlboro: allegearre Andries. Bêste freonen Henri Hut en Anna Kamminga kinne der noch hieltyd net by dat har freon der net mear is. "It fielt krekt as kin hy hjir sa wer nei binnen rinne." De ôfrûne trije wiken binne de freonen en famylje fan Andries Booi 'geleefd'.

"Je moatte wol troch, want je wurk hâldt ek gjin skoft. Mar it is allegear net maklik." Net yn te tinken, sa fielt it foar de neisten by it ferhaal, dat yn de nacht fan 15 op 16 septimber begûn. It stopteken fan de plysje by Quatrebras waard troch de 28-jierrige Andries Booi negearre, dêrnei naaide er út. Uteinlik kaam de auto fan Andries ta stilstân yn in greide by de Fjouwer Roeden yn syn wenplak Boelensloane.

Mear as 20 kilometer

Anna fertelt oer wat se wit fan de achterfolging. "Hy waard by Quatrebras al oanhâlden, mar doe is er útnaaid." Henri hat wol in idee wêrom't Andries fuortride woe. "Doordat hij geen rijbewijs had, die was hij kwijtgeraakt na een snelheidsovertreding. Dat was de reden dat hij vluchtte denk ik." It rydbewiis wie op it momint dat Andries achter it stjoer siet tydlik net brûkber. It Iepenbier Ministearje koe oer de saak noch neat kwyt, om't it ûndersyk fan de Ryksresjerzje noch geande is.

Foto: Ben de Jager, RTV NOF

Andries wie op de Fjouwer Roeden, nei in achterfolging fan mear as 20 kilometer, achterút ynriden op in plysjewein. Plysjes wienen ûnderwilens útstapt, der ûntstie in situaasje wêrby't de plysjes 'zich genoodzaakt voelden om te schieten.' Ien fan de kûgels dy't ôffjurre waard, waard de 28-jierrige fataal. De impact fan it ynsidint is noch altyd grut, op Andries syn famylje, freonen, it doarp en oare belutsenen.

De grutste fraach: wêrom?

Henri krige de moarn nei it fatale ynsidint fia WhatsApp in screenshot fan it nijsberjocht tastjoerd. "Toen wist ik het gelijk. En had ik ook nog een gemiste oproep van de mem van Andries. Die had ik niet opgenomen, want ik wist het al. Dat het niet missen kon..." De dêropfolgjende dagen en wiken is it oerlibjen. "Je wurde libbe, noch hieltyd eins", fertelt Anna.

As it te raar giet, moatte sy in efterfolging stake. En dat hawwe se net dien.

Anna Kamminga

De fraach wêrom't dit sa rinne moast en wêrom't it net oars koe, hâldt de freonen fan Andries it measte dwaande. "As it te raar giet, moatte sy in efterfolging stake. En dat hawwe se net dien. Soksoarte fan dingen, dat je tinke fan: Wêrom? Se hiene syn kenteken wol, hie him achterôf opsocht. Mar dat diene se net", fertelt Anna. Henri follet oan: "Als ze nu twee mistreffers hadden gehad, van per ongeluk... Maar die hele auto was doorzeefd." Foar beide freonen is ien ding wol dúdlik. "Dat hij niet verongelukt is, maar dat hij vermoord is."

Henri is ien fan de lêste persoanen dy't noch mei Andries praat hat, foardat it needlot tasloech. "Zijn moeder had hem nog geappt, van 'komst hast thús?' Ik ging hier rond kwart over elf 's avonds weg. Toen vroeg Andries nog: 'Moet ik wat voor je doen morgen?' 'Hooguit komen als ik een klapband krijg', zei ik. En toen was het tot morgen.."

Mar dy moarn kaam net.

Henri en Anna by it betinkingsplak fan Andries - Foto: Ben de Jager, RTV NOF

Andries wie in soad dwaande yn syn loads yn Surhústerfean. Ek hie er in soad ferstân fan auto's.

"Andries hie mei eltsenien it bêste foar"

Foar syn freonen hie er in hiel soad oer. Anna dêroer: "It wie in hiel bêste jonge, hy hie mei eltsenien it bêste foar. Ast him by wize fan sprekken yn de nacht opbelje soest, mei de fraach fan kinst my ophelje? Ek al wie it oan de oare kant fan Nederlân, hy kaam."

Yn de loads brânt no jûns gjin ljocht mear en dat fielt foar de freonen frjemd. "Normaal was hij hier altijd tot laat in de avond", fertelt Henri. De loads bliuwt hiel spesjaal. "Als ik hier ben, denk ik direct aan Andries. De loods, pick-up, Mercedes, Marlboro, allemaal Andries."

Henri Hut en Anna Kamminga fertelle oer Andries

It Iepenbier Ministearje wol foarearst net reagearje omdat it ûndersyk fan de resjerzje nei it sjitynsidint noch rint.

(Advertinsje)
(Advertinsje)