Topjier foar pontsjes fan Suwâld en Wyns

08 okt 2021 - 22:34

De pontsjes fan Suwâld en Wyns ha yn 2021 in topjier hân. Sa hie de pont fan Suwâld foar it earst mear dan 21.000 besikers. Dat binne goed 700 mear as yn 2018, it âlde rekôrjier.

Foto: Gemeente Tytsjerksteradiel

Hoewol't de pont fan Wyns gjin rekôr helle, stiet de teller dêr op dit momint op 17.000 besikers. Yn Tytsjerksteradiel farre trije pontsjes foar fytsers en kuierders. De pontsjes yn Suwâld en Wyns wurde troch frijwilligers betsjinne.

66.000 minsken mei pont fan Earnewâld

"Dizze pontsjes meitsje diel út fan de rekreative fytspaden yn ús regio", seit wethâlder Gelbrig Hoekstra. "Mar it binne benammen de frijwilligers dy't fan de fytsrûte in bysûndere ûnderfining meitsje. It hiele seizoen sette se mei entûsjasme de fytsers oer nei de oare kant."

Yn Earnewâld is it rekôr fan 2018 ek ferbrutsen troch it lokale pontsje. De teller stiet dêr op goed 66.000 minsken.

Trefwurden: 
Wyns Suwâld pontsjes
(Advertinsje)
(Advertinsje)