Winst foar sealfuotbalfroulju Drachtster Boys, Libertas thús ûnderút

08 okt 2021 - 22:17

Yn de earedivyzje ha de sealfuotbalfroulju fan Drachtster Boys freedtejûn mei 1-4 wûn yn Den Helder fan Zeemacht. Yn Damwâld gie Libertas mei 0-4 ûnderút tsjin FC Marlène.

De sealfuotbalfroulju fan Libertas yn sporthal De Boppeslach yn Damwâld - Foto: Omrop Fryslân, Freark Wijma

De Drachtster froulju kamen yn de earste helte op in 0-1 foarsprong troch in doelpunt fan Mariël Miedema. Dat soarge net foar rêst by Drachtster Boys, want binnen de minút stie it ek alwer 1-1 troch Melissa Zijlstra. Nettsjinsteande dy tsjinslach soarge Sieta de Vries mei in knappe goal foar de 1-2.

Nei it skoft soarge Esther van Toledo foar de 1-3. Dêrmei beslikke se de wedstriid. Acht minuten foar tiid waard it ek noch 1-4 troch Jessie Prijs.

FC Marlène te sterk foar Libertas

Libertas spile thús goed mei tsjin FC Marlène, mar dochs stie it by it skoft 0-1 yn it foardiel fan de besikers. Yn de twadde helte krige de thúsploech noch wol kânsen, mar it wiene de besikers dy't der 0-4 fan makken.

Nei twa wedstriden stean de froulju fan Drachtster Boys op twa oerwinningen, wylst de froulju fan Libertas op ien punt stean.

(Advertinsje)
(Advertinsje)