Aris oerwint min begjin yn thúswedstrid tsjin BAL út Limboarch

08 okt 2021 - 21:41

De basketballers fan Aris út Ljouwert ha yn in spannend duel wûn van BAL (Basketball Academie Limburg) út Weert. Nettsjinsteande in efterstân fan trettjin punten by it skoft, oprûn yn it earst kwart, wiene de Ljouwerters mei 83-74 te sterk foar de besikers.

Foto: Eric Ennema, Omrop Fryslân

Yn it begjin fan it duel hiene beide ploegen muoite mei it meitsjen fan punten. Aris iepene de skoare troch Ar'mond Davis, mar dêrmei wiene de Ljouwerters al hast op de helte fan harren skoare yn it earste kwart.

BAL rint út

Nei fiif minuten stie der 5-5 op it boerd. Dêrnei gie it folslein mis foar Aris, dat in soad miste en net mear ta skoaren kaam. BAL profitearre maksimaal en boude it ferskil oan de ein fan it earste kwart út nei trettjin punten (5-18).

Aris like wekker yn it twadde kwart. De ploech slagge der better yn om mei te gean mei de Limboargers. De einstân fan it twadde kwart wie 22-22, wêrmei't de efterstân op trettjin punten bleaun.

Aris werom yn 'e wedstriid

Fan in min begjin fan Aris wie yn de twadde helte neat te fernimmen. De ploech gie oan de hân fan Davis en José Dimitri Maconda yn de efterfolging. Dat soarge derfoar dat de thúsploech de tredde perioade mei dúdlike sifers (26-19) pakte.

Sa begûn it fjirde kwart mei noch mar seis punten efterstân (53-59). Aris drukte it gaspedaal noch fierder yn, en mei noch fiif minuten op 'e klok wie der foar it earst sûnt de 2-0 wer in foarsprong yn it duel foar de ploech fan trainer Van Sliedregt (65-63). Tsjinstanner BAL besocht it noch wol, mar kaam net werom yn de wedstriid.

Davis grutte man

Grutte mannen by Aris wiene Ar'mond Davis (28 punten) en José Dimitri Maconda (17 punten). Shaquille Doorson pakte 10 rebounds. Nei fjouwer wedstriden yn de nije BNXT League hat Aris no twa fan de fjouwer wedstriden wûn.

(Advertinsje)
(Advertinsje)