Clayton makket ein oan finaledream Noppert op Grand Prix

08 okt 2021 - 21:17

Danny Noppert is der freedtejûn net yn slagge de finale fan de World Grand Prix yn Leicester te berikken. De sterke rige op it telefyzjetoernoai fan Noppert waard mei 4-1 yn sets ôfbrutsen troch Jonny Clayton út Wales.

Foto: Orange Pictures

De earste leg fan de wedstriid gie fuortendaliks nei de Jouster. Clayton hold dêrnei syn eigen leg en bruts Noppert mei in finish fan 72. Mei wer in kreaze finish pakte de man út Wales dêrnei ek de earste set.

Dêr't Noppert yn de earste set matich begûn, pakte hy dêrnei syn nivo fan de foarige wedstriden wer op. Hy bruts Clayton fuortendaliks mei in finish fan 72 en hold ek syn eigen leg fia dûbel acht. De man út Wales die noch wol wat werom yn de tredde leg, mar foarkaam net dat Noppert der 1-1 yn sets fan makke.

Miste kânsen

Yn de tredde set makke de Fries in flater. Hy liet meardere dûbels lizze, wêrtroch't Clayton in break pleatste. Clayton hold ek syn eigen leg, mar seach Noppert dêrnei 107 útsmiten. De Fries miste dêrnei twa pylken foar de lykmakker en dêrtroch koe syn tsjinstanner de tredde set binnen helje.

Noppert kaam goed werom yn set fjouwer. Hy pakte de earste twa legs, mar Clayton joech net samar op. It waard 2-2, doe't de man út Wales mei in kreaze leg op 3-1 yn sets kaam.

It waard wol hiel dreech foar de Fries doe't hy oan it begjin fan de fiifde set trije darts miste op dûbel achttjin. Clayton profitearre mei in finish fan 112 op de dûbel sechtjin. Fan dat momint ôf wie de wedstriid spile. Fia dûbel seis makke Clayton it úteinlik ôf.

De World Grand Prix is it iennige toernoai yn it jier dêr't de darters mei in dûbel begjinne, en einigje moatte. Dat format smyt oer it algemien spannende wedstriden op. It toernoai wurdt dit jier yn it Ingelske Leicester hâlden.

(Advertentie)
(Advertentie)